Olympysk Keatsen

Nei in wyke utstel, koene wy op 2 septimber dochs noch de Ids Van der Ende-partij halde of sa at wy it foar de bern neamd hawwe “it Olympyske keatsen”.

17 bern stiene dizze moarn yn de Olympyske Arena. By de kabouters waard trije kear lotte, it wiene hiele spannende partijen en de bern diene tige hun bêst. De keats waard al it grut oantal kear foarby slein en er waard goed opslein. Uteindlik mocht Rudmer Heddema de krânse mei nei hûs nimme, hy hie trije kear wûn dus dik fertsjinne! Rikst Mulder mocht de twadde priis mei nimme en om de 3e en 4e wie it noch spannend, der wie mar 1 punt ferskil, mar Tjitte Reitsma waard 3e en Hedzer Seffinga 4e. By de welpen/pupillen hiene wy 7 bern dus efkes puzzelje. Wy hiene 2 partoer fan 2 en ien partoer fan 3. De earste wedstriid gie tuske Jouke&Rutger stjin Thom,Willem& Jente. Dit wûnen Jouke&Rutger mei 5-1. Dernei gie it tusken is partoer fan Thom en-dy en Jente-Sjoerd&Hendrik. Ek dit kear luts it partoer fan Thom en-dy oan it koartste ein. Dus krigen wy in finale tusken Jouke en Jente-Sjoerd. De hiele wedstriid hawwe Jente-Sjoerd en Hendrik foar stien mar yn it lest lieten se it dochs lizze en ferlearen se mei 5-5 6/2. De utslach wie as folgt: 1. Jouke Wiersma 2. Jente-Sjoerd Seffinga Rutger Mulder Hendrik Wiedijk By de pupillen/skoalberm hienen wy krek as by de kabouters trije kear lotsje. De earste partij wie in ‘walk over’ fan Jennie, Arjen en Jurian. Sy wûnen mei 5-1 tsjin Thomas, Mathijs en Jelle. De oare 2 partijen wiene folle spannender. Sy waarden besletten mei 5-5 6/4 en de lêste partij wie de útsmieter mei alles oan de hang! Jurian hie alles wûn dus hy wie seker fan it earste plak. Om it twadde plak gie it tusken Jennie en Arjen beide hiene 19 earsten en 12 tsjin earsten. Uteinlik hie Arjen mei 2 punten ferskil de ûnderlinge wedstriid wûn er derom waard hy twadde. De utslach wie as folgt: 1. Jurian Tolsma 2. Arjen Talsma 3. Jennie Terpstra Nammens it Jk fan JK Nynke Wiedijk-Gierman

Geplaatst op 04 September 2012